Dammer Tjalling Goedemoed ferstoarn

Tjalling Goedemoed © Facebook, Leo van der Galien
Dammer Tjalling Goedemoed út Ljouwert is ôfrûne freed ferstoarn yn 'e âldens fan 45-jier. Goedemoed waard fjouwer kear kampioen fan Fryslân, yn 1991, 2002, 2004 en 2014. Dêrneist waard er seis kear twadde. Hy die yn totaal 19 kear mei oan it FK.
Goedemoed fersoarge 22 jier lang de damrubryk yn it Friesch Dagblad. Hy wie ek bekend as damtrainer, promotor en publisist. Syn boek 'A Course in Draughts' is yn ferskate talen oerset, wêrûnder it Sineesk.
Ferline jier skreau Goedemoed noch it boek "The art of winning'. Yn 2013 krige Goedemoed foar syn wurk de promoasjepriis fan de ynternasjonale dambûn FMJD útrikt. De Ljouwerter begûn syn damkarriêre by De Toer yn Grou. By De Oldehove yn Ljouwert hat er it langst spile. De lêste tiid kaam Goedemoed út foar Damcombinatie Fryslân.