Kollum: "Fryslân bestiet net"

11 maaie 2016 - 08:54

Eelke Lok fan De Gaastmar wurke 40 jier foar Omrop Fryslân en waard ûnder oaren bekend troch it politike praatprogramma ‘It Wapen fan Fryslân’ op de radio en ‘Gewest Fryslân’ op televyzje. Al jierren fersoarget hy kollums op de radio. De kollums fan Eelke kinne oeral oer gean: Fryslân, sport, polityk, kultuer of wat him ek mar opfallen is. Al syn kollums binne te finen op syn side Eelke’s Weblok.

"Bestiet Fryslân eins noch wol? It is wat in retoaryske fraach. Fryslân hat yn elk gefal noch nea bestien en sil ek nea bestean as in iendrachtige mienskip. We dogge hjir nammentlik alles ferskillend. Meast simpele foarbyld wie fan 'e wike. Kollumerlân hat 53.000 euro te folle útjaan moatten om asylsikers in pear dagen of wiken ûnder te bringen yn in sporthal of sa. No is Kollumerlân de gemeente dy’t yn Nederlân yn ferhâlding it measte opbringt by kollektes. Mar dit is dochs grau jild. 53.000 oer de begrutting.

Mar no is it frjemde dat guon oare gemeenten yn Fryslân der oan oerhâlden ha. Dy ha dus tsjin it COA sein: lit dy asylsikers hjir mar komme. Doe ha se de hân ophâlden by it ryksregear. Doe’t se it jild hienen bin se daliks begûn te kleien dat it allegearre sa lang duorre en dat dy earme asylsikers sa gau mooglik holpen wurde moasten. En doe’t dat slagge ha de boargemasters se hast sels noch wer yn in bus treaun. Dan koste it net safolle. Sa hâlden se jild oer. It is in foarm fan fertsjinjen dy’t ynvestearders yn de asylsikerij ek tapasse. Yn Achtkarspelen blykte fan 'e wike dat mar leafst op tolve plakken terreinen en gebouwen te keap of te hier oanbean wurde foar in asylsikerssintrum. In camping dy’t oergiet op asylsikers hoecht trije, fjouwer jier net ôf te hingjen fan it waar en it belied fan Merk Fryslân. Dan kin it rom út.

Mar we hienen it oer gemeenten dy’t jild bylizze moasten en guon dy’t oerhâlden. Der is net ien gemeente dy’t Bearn Bilker opbellet en seit: “ju, wat wy oerhâlden ha, dat krije jim. It wie ommers jild om de asylsikers sa gau mooglik in goed plakje te jaan”. Net ien. Tseard van der Zwan, foarsitter fan de Fryske gemeenten hat it net as foarstel foar de kommende gearkomste delset. Se propje it jild yn ‘e bûse, hoopje dat it regear it net neisjocht en sjogge Bilker meilydsum glimkjend oan. Dat koenen wy wol berikke en do net jonkje. Do moast hiel wat lêzinkjes oer it keningshûs hâlde, wolst dat wer lyk lûke. Ik sei it: Fryslân bestiet net as ienheid.

Foar it oare bestiet hiel Fryslân ek net. Wy Friezen, wy swetse altyd oer it Waad. Us Waad. Wy hoedzje en noedzje dat sa alderferskuorrendst, net ien kin tsjin ús op. De Waadferiening bestiet al mear as fyftich jier. Oprjochte doe’t wat idioate Friezen in dyk nei It Amelân ha woenen. We ha no wol 20 ynstellingen dy’t har allegearre op deselde wize mei dat selde Waad dwaande hâlde. O wat kostet dat in knoarre oerheidsjild. En wy hâlde ek minstens fyftjin sympoasia per jier om elkoar te fertellen dat we o sa sunich op dat Waad wêze moatte. We prate no al tsien jier om de waadfisk troch de Ofslútdyk nei de Iselmar te krijen, sa hâlde we fan dy waadfisk.

Mar no ha alderhande ynternasjonale ynstellingen dy’t har mei it Waad bemuoie sein dat it Fryske belied net doocht. Dat fan Dútslân en Denemarken trouwens ek net. Sjoch, dat Waad is yndertiid oanlein foar de fûgels. Dy’t dêr har fretten wei krigen. En aaien leine op dy moaie sâltsompen. Mar ha dy ynternasjonals sjoen, der bin op 't heden fierstente min fan dy leechsteande bûtendykse lannen. Jim moatte soargje dat soks werom komt. Feehâlde, wat wie der no earder: fûgels as fee? Fiskje, dat ha we net ôfpraat yndertiid doe’t we dy fûgels hjir loslieten. Fargeulen nei de eilannen, wêrfoar? Yn dat ferdielde Fryslân ha we it oer de geul nei It Amelân wer’t de boat hieltyd fêstrint. Der moat mear wetter komme. Bakken fol sân wurde der aanst wer útskept en it lêste stikje sintrale as sil der wol fan oanlein wurde. En nei Skylge wurdt it ek trije minuten koarter as we wer troch it Stortemelk kinne, dat soe dochs fantastysk moai wêze. No se frette dat sân mar op. De ynternationals ha sein dat it Waad himsels wol rêdt. Gjin baggerspul der mear yn te wrotten. It wetter moat wer leger.

En seinen se, it is net jim waad mar ús waad. En fan Fryslân ha we noch noait heard."

Trefwurden: 
De Toan fan Eelke Lok
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)