CNV hat cao-ôfspraken makke foar Arriva en Qbuzz

10 maaie 2016 - 23:11
  • Masinisten fan Arriva staakten moandei foar in heger salaris

Fakbûn CNV is ta in cao-oerienkomst kaam mei iepenbier ferfierders. Dat is tiisdeitejûn let bekend wurden, De nije ôfspraken jilde ûnder oare foar personiel fan Arriva en Qbuzz en se duorje in jier. It personiel kriget in leansferheging fan 1,75 prosint. Fierders wurdt de krystútkearing dy't elkenien neffens de cao kriget, meinaam yn de pensioenberekkening.

De cao-ôfspraken jilde foar 12.000 wurknimmers yn hiel Nederlân. It bûn sil de resultaten foarlizze oan de leden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)