Wyksintrum yn Ljouwert kin wer nei de takomst sjen

10 maaie 2016 - 22:27
  • Wyksintrum Heechterp/Skieringen

It wyksintrum Heechterp/Skieringen yn Ljouwert hoecht net langer benaud te wêzen dat de gemeente de doarren definityf slút. Boargemaster en wethâlders hawwe betrouwen útsprutsen yn it nije bestjoer. Dêrmei is de takomst foar it sintrum wis.

Yn augustus ferline jier krige it bestjoer fan doe te hearren dat it sintrum ticht moast. Der soe net genôch gebrûk makke wurde fan it gebou. It bestjoer funksjonearre ek net goed. It nije bestjoer is mei in nije ynfolling kaam foar it sintrum en hat in soad frijwilligers oanlutsen.

De gemeente hat der wer betrouwen yn. De gemeentelike subsydzje foar it sintrum is wer yn gong set.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)