Homo mishannele op Befrijingsdei yn Ljouwert

10 maaie 2016 - 22:17

De 18-jierrige Ids Tjaarda fan Ljouwert is noch bot fan slach nei de mishanneling fanwege syn homoseksualiteit. Tjaarda en syn freon binne yn de nacht nei it Befrijingsfestival op De Kelders yn Ljouwert lêstich fallen troch in groep jonges. Se waarden útskolden foar homo en flikker, mar dêr bleau is net by. Tjaarda waard mei in skooter oanriden en hy krige in skop.

'Fysiek kom er ik er wel overheen, maar mentaal ben ik er kapot van', se seit er. Tjaarda neamt it wrang dat it krekt yn de nacht nei Befrijingsdei bard is.

Befrijingsdei is 'een dag waarop je juist vrijheid moet vieren. En dan overkomt je dit'.

De Ljouwerter sil woansdei oanjefte dwaan by de plysje. Tjaarda hat tiisdei al in melding fan de mishanneling dien by it anty-diskriminaasjemeldpunt Tûmba. Dat nimt de saak heech op. Diskriminaasje fan homo's komt folle faker foar, mar dat der geweld by brûkt wurdt, gelokkich net sa faak, neffens in wurdfierster fan Tûmba.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)