Hûnderten grêven mooglik ûnterjochte romme yn Huzum-Doarp

10 maaie 2016 - 21:35
  • It begraafplak fan de Huzumer tsjerke

By de romming fan 665 grêven op it Huzumer begraafplak yn Ljouwert binne mooglik flaters makke. Dat docht bliken út ûndersyk fan buro Berenschot. Tusken 2011 en 2013 binne hast tûzen grêven romme, mar dêrby is net de gewoane proseduere folge. Sa moat by sa'n grutte operaasje tastimming frege wurde fan boargemaster en wethâlders en dat is net dien.

It beslút om ta romming oer te gean is troch in amtner naam. Der binne ek flaters makke yn de kommunikaasje mei neibesteanden.

Dêrtroch is no net dúdlik oft de romming fan de grêven wol terjochte west hat. De gemeente sil no alle gefallen opnij tsjin it ljocht hâlde. Mocht bliken dwaan dat de romming yndie net terjochte wie, dan sil de gemeente de skea werstelle. Hoe't dat barre sil, is noch net dúdlik.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)