Megatrekker hellet agraryske ferhalen op yn Noard-Nederlân

Twa redakteuren fan it agrarysk fakblêd Landbouwmechanisatie binne woansdei mei in megatrekker fan hast 19 ton ûnderweis yn Fryslân. Jasper Lentz en Chris Vlaanderen sliepe op boerehiemen yn in tintsje achterop de trekker. Doel fan de tocht is ferhalen op te tekenjen foar in simmerspecial fan it lânboublêd. Dêrfoar gean se ûnder oare by in boer yn Marrum del.
De Claas Xerion-trekker is 3,8 meter heech en kin net ûnder alle brêgen troch. Nei de besite oan Marrum gean de redakteuren fierder nei de Noardeastpolder.