Nije ploech foar Jesper Hospes en Sjoerd de Vries

10 maaie 2016 - 17:41

Reedriders Jesper Hospes fan It Hearrenfean en Sjoerd de Vries fan Twellingea hawwe in nije ploech. Beide sprinters ride takom seizoen by Team Victorie. Dat is tiisdei bekend wurden by de ploegepresintaasje yn it Thialfstadion op It Hearrenfean.

De Friezen sille traine mei ûnder oaren Olympysk kampioen Michel Mulder en de Belch Bart Swings. De nije ploech wurdt traind troch Desly Hill, in súksescoach út it skeelerjen. Ald-reedrydster Renate Groenewold is teammanager. Der is noch gjin sponsor.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)