Dokkumer brânwachtrally is tenei ien kear yn de twa jier

10 maaie 2016 - 17:30

De Dokkumer brânwachtrally sil tenei noch mar ien kear yn de twa jier hâlden wurde. Yn 2014 gie de rally net troch. Der wiene te min dielnimmers. Ferline jier is de ludike wedstriid tusken brânwachtkorpsen noch wol hâlden. De organisaasje tinkt dat it net mear helber is om it alle jierren te dwaan. De mindere animo soe te krijen hawwe mei tefolle oare eveneminten en dat de frijwillige brânwacht al in soad tiid kostet.

Mei mear publisiteit hopet de organisaasje de korpsen waarm te krijen foar de rally.De folgjende edysje is no yn 2017.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)