Ilse Vellinga wint Frysk bernediktee mei sân flaters

10 maaie 2016 - 16:52
  • Ilse Vellinga (lofts), dêrnjonken Renate Osinga (2e priis) en Jelte Boelstra (3e priis)
  • Konsintraasje by Frysk bernediktee

Ilse Vellinga fan Wommels hat tiisdei it Frysk diktee foar bern wûn. Yn it provinsjehûs yn Ljouwert sieten 25 bern te stinnen op tsien Fryske dikteesinnen. De bern komme fan alve skoallen dy't troch de foarrondes kaam binne.

In soad bern hiene oer de fyftjin flaters. Winneres Ilse Vellinga hie mar sân. It fernuveret sjueryfoarsitter Jelle Bangma net dat measte bern in protte muoite hiene mei it diktee. Woansdei is it diktee foar folwoeksenen. Dat wurdt útstjoerd op Omrop Fryslân telefyzje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)