Ljouwerter wyk Camminghabuorren hat nije enerzjysintrale

It ynregeljen fan de sintrale ferwaarming kin besparrings opsmite © ANP XTRA
Yn de Ljouwerter wyk Camminghabuorren wurdt freed oer in wike de nije enerzjysintrale offisjeel iepene. De sintrale is al in skoftsje yn bedriuw. Hy leveret waarmte oan huzen yn Camminghabuorren en de Frijheidswyk.
De nije sintrale ferfangt in oare ynstallaasje dy't al 33 jier âld wie. De nije sintrale is miljeufreonliker as de âlde, want der is folle minder útstjit fan CO2.