Man ûnder ynfloed rydt tún yn yn Sint-Nyk

Strjitte It Blêd yn Sint-Nyk (Google Street View) © Google Street View
Yn Sint-Nyk is moandeitejûn in man ûnder ynfloed mei in auto in tún ynriden. De earste melding kaam fan in ûngelok op De Fazant. Dêr fûn de plysje neat. Flak dêrnei kaam der in oare melding fan in ûngelok, op de strjitte It Blêd. Dêr trof de plysje de auto oan mei de 31-jierrige bestjoerder. Hy wie nei alle gedachten ûnder ynfloed fan GHB.
De automobilist is mei de ambulânse nei it sikehûs oerbrocht. Dêr is bloed fan de man ôfnaam. De Sint-Nykster wurdt fertocht fan riden ûnder ynfloed en it ferlitten fan it plak fan in ûngelok.