Gemeente Opsterlân ûntmoediget tenei oplitten fan ballonnen

De moasje fan de fraksje fan Opsterlanders om tenei gjin ballonnen mear op te litten by eveneminten yn de gemeente, is unanym troch de gemeenteried oannaam. Der komt gjin totaalferbod, mar de gemeente giet it oplitten fan ballonnen ûntmoedigjen by it ôfjaan fan fergunnings. Mei dy tasizzing koene alle fraksjes akkoart gean. Mei de maatregel wol de gemeente swalkôffal en stjerte ûnder bisten foarkomme. De ballonnen drage derneist by oan de plestik sop yn de oseanen.
Jierliks geane tusken de 1 en 2 miljoen ballonnen de loft yn. In alternatyf is om de ballonnen op te hingjen en nei ôfrin op te romjen. Natuerorganisaasjes pleitsje al langer foar in ferbod op it oplitten fan ballonnen.