''Fersmoarging by Orion Drachten is licht en tige beheind''

De fersmoarging fan de direkte omjouwing fan it Drachtster bedriuw Orion mei saneamde pcb's is licht, tige beheind fan omfang en sûnder gefolgen foar de folkssûnens. Dat seit general manager Dirk Jan Hoogendoorn fan it bedriuw Orion yn reaksje op in GGD-rapport oer de fersmoarging by de strjitte De Steven op bedriuweterrein De Haven yn Drachten. Tagelyk jout Hoogendoorn ta dat de fersmoarging fan it wetter yn it rioel tsien kear heger is as de tastiene noarm.
Neffens Hoogendoorn komt dat benammen omdat de noarm de ôfrûne jierren hieltiten stranger wurden is. It bedriuw Orion hat de wurkwize de ôfrûne jierren oanpast, sadat de fersmoarging net op 'e nij optrede kin. De gemeente Smellingerlân, de provinsje Fryslân en wetterskip Fryslân hawwe de fersmoarging mei-inoar ûndersykje litten. Ek leit der in advys fan de GGD nei de mooglike gefolgen foar de folkssûnens. Neffens de GGD kin op basis fan de bekende gegevens net konkludearre wurde dat der risiko's binne foar de folkssûnens, mar hielendal útslute kin de GGD dat ek net.
Befolking net ynformearre
De belutsen oerheden binne al sûnt de ôfrûne hjerst geregeld yn kontakt mei it bedriuw oer de fersmoarging. Se hawwe der dêrby foar keazen om de befolking net aktyf te ynformearjen oer de fersmoarging. Neffens wurdfierder Henry Frieswijk fan de gemeente Smellingerlân is dêrfoar keazen "fanwegen de grutte ynfloed dy't soks hawwe kin".
Orion
Orion is it iennige bedriuw yn Noard-Nederlân mei in fergunning om stoffen en wetter mei pcb's te ferwurkjen. De slogan fan it bedriuw is 'Towards a cleaner world', 'Nei in skjinnere wrâld'. Der wurkje acht minsken by Orion.