Alve bekeurings nei kontrôles lâns de Iselmarkust

10 maaie 2016 - 10:51

By in kontrôle yn beskerme natuergebieten lâns de Iselmarkust binne snein alve minsken bekeurd. It giet yn de measte gefallen om wynsurfers dy't oan it surfen wienen yn it Natura 2000-gebiet De Mokkebank by Aldemardum. Twa boatsjeminsken krigen in boete om't se it deademanskoarde net brûkten.

By de kontrôle wurken de plysje, It Fryske Gea en de Fryske Utfieringstsjinst Miljeu en Omjouwing (FUMO) gear.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)