UPDATE: Stikkene spoarbrêge wer makke, treinen ride wer

© ANP
Treinreizgers tusken Ljouwert en Akkrum hiene tiisdei te krijen mei fertraging, Tusken Ljouwert en Akkrum wie in spoarbrêge stikken. Dêrtroch rieden der gjin treinen op it trajekt. Der waarden bussen ynset tusken Ljouwert en It Hearrenfean. De ekstra reistiid koe oprinne ta mear as in oere.
Om sawat healwei fjouweren tiisdeitemiddei wie de steuring wer foarby. Treinreizgers kinne noch wol langer ûnderweis wêze, meldt de NS.