Gemeenteleden Betheltsjerke stimme yn mei nije foargonger

10 maaie 2016 - 09:50
  • De Betheltsjerke yn Drachten

Hast alle gemeenteleden fan de Betheltsjerke yn Drachten ha moandeitejûn ynstimd mei it foarstel om Jacob Folkerts fan Teksel te beroppen as nije foargonger. Sa'n 96 prosint fan de 968 gemeenteleden dy't stimden, stimde foar it berop fan Folkerts. It is de bedoeling dat er Orlando Bottenbley opfolgje sil.

Folkerts en syn frou binne op de hichte steld fan it beslút en sille nei alle ferwachting ein dizze wike witte litte oft se it berop oannimme. Folkerts komt fan oarsprong fan Donkerbroek en is opgroeid yn Drachten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)