Kollum: ''Frij? Frij!''

Willem Schoorstra (1959) is skriuwer en komt fan Ternaard. Yn it ferline publisearre hy in oantal (Frysktalige) romans wêrûnder 'De Ofrekken', 'Swarte Ingels' en 'Redbad'. Syn lêste wurk is in boek oer Grutte Pier. Willem skriuwt maatskippijkritysk, mei faak in humoristyske ûndertoan en is te folgjen op Facebook.
''Miskien dat ik it my ynbyldzje. It waar wie fansels geweldich en dat jout fuortendrekt al in oare sfear. Mar doch wie it krekt as wie Befrijingsdei oars as oare jierren. It sil ek kaam wêze omdat it gearfoel mei Himelfeart en Rokjesdei, in wûnderlike kombinaasje mei in heech loksilligensgehalte.
En doch hat dat net alles west. Want neffens my wie it besef dat frijheid it belangrykst is grutter as oars, de needsaak om it te fieren prangjender. De flechtlingeproblematyk kin dêr in reden foar wêze. Wat oarloggen dwaan kinne spilet him no ûnder ús noas ôf, en dat is oars as in reportaazje yn it sjoernaal. Likegoed is dat ien betsjutting fan frijheid. Freegje tweintich minsken wat frijheid foar harren ynhâldt, dan sil men tweintich kear in oar antwurd krije. Dat komt ek omdat der ferskillende soarten fan frijheden binne.
De grûnwet hat it oer de frijheid fan godstsjinst en libbensoertsjûging, oer de frijheid fan mieningsutering en oer de frijheid fan fergadering en demonstraasje. Sels soe ik dêr ek graach de frijheid fan tinken oan taheakje wolle. Parsefrijheid, noch sa’nien. Nederlân docht it goed op dat mêd: it stiet twadde op in list dy’t troch Reporters sûnder Grinzen publisearre wurdt. Se stelle dat parsefrijheid yn Nederlân yn de wet ferankere is, wêrby’t ek eksplisyt satire neamt wurdt. Hartstikke moai, hoewol’t de eardere cartoonist Gregorius Nekschot dêr oars oer tocht doe’t er yn 2008 oppakt waard foar syn saneamde ‘beledigjende’ tekeningen. In ynsidint, sille wy mar sizze. Nederlân docht it fierders goed, en dêr kinne wy bliid om wêze. Dat soks ek oars kin lit de NPO-searje De Pen & Het Zwaard sjen. Yn dy searje ûndersiket sjoernaliste Fidan Ekiz hoe’t it is om sjoernalistyk yn in diktatuer te bedriuwen. Yn de earste ôflevering giet se nei Turkije, it lân dêr’t har âlden weikomme. De situaasje dêr is yn ien wurd ellindich. It docht oan it kommunistyske East-Dútslân mei syn Stasi-praktiken tinken. Minsken op de redaksje fan in krante dy’t inoar ferlinke by de oerheid. Sjoernalisten dy’t op in geheime lokaasje en allinne nachts wurkje. Mar der binne ek guon dy’t yn alle iepenheid harren wurk dogge –dus de macht kritysk hifkje- en alle dagen it risiko rinne om oppakt te wurden.
Dat barde mei de haadredakteur fan in linkse krante dêr’t Fidan mei praten hie. Dy krige twa jier. Twa oare sjoernalisten binne yn deselde snuorje ta fiif jier finzenisstraf feroardiele fanwegen ‘spionaazje’ en it dielen fan ‘staatsgeheimen’. Op ien fan de twa, Can Dündar, waard foarige wike by de rjochtbank noch in oanslach dien. En wat de situaasje fan Ebru Umar is, hoech ik jim net út te lizzen. Frijheid fan tinken, frijheid fan mieningsutering, frijheid fan parse. Dat binne ek aspekten dêr’t op Befrijingsdei by stilstien wurde kin, dy’t wy fiere moatte. Wêrom’t Befrijingsdei dan ek net standert alle jierren in frije dei is, is my in riedsel. Befrijingsdei hat gjin religieuze konnotaasje. Befrijingsdei is foar alle minsken, kin neat skele watfoar kleur se ha, wat se wol of net leauwe, watfoar aard se ha. Befrijingsdei heart yn in maatskippij as uzes in frije dei te wêzen. En as it sabeare ekonomysk net lije kin, ruilje ik dêr graach ien fan de oare dagen foar yn. Jim ek?''