Stichting wol replika fan âlde seekaap by West-Skylge

10 maaie 2016 - 08:01

De Stichting Sporen in het Zand wol dat der in replika komt fan ien fan de seekapen dy't eartiids op it Kaapsduin by West-Skylge stiene. In kaap is in beaken foar de skipfeart. De lêste twa seekapen by West-Skylge binne oan it begjin fan de Twadde Wrâldoarloch ferdwûn. De Stichting Sporen in het Zand fynt it wichtich om it nautyske karakter fan Skylge te beklamjen en wol dêrom ien fan de kapen werom ha. Dy moat sa'n 15 meter heech wurde. Dêrfoar is in wiziging fan it bestimmingsplan en in soad jild nedich.

Om der wis fan te wêzen dat de eilanners like entûsjast binne oer it plan, wol de stichting earst har miening witte. Dêrfoar is op West-Skylge in enkête ferspraat. Neffens Freek Zwart fan de stichting moat minimaal 50 prosint fan de ynwenners foar de plannen wêze, oars giet it net troch.
 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)