Untwerpplan foar beweechber meitsjen Prins Hendrikbrêge

09 maaie 2016 - 22:43
  • De Prins Hendrikbrêge yn Ljouwert is no in fêste brêge

Der komt in earste opset fan in plan foar it beweechber meitsjen fan de fêste Prins Hendrikbrêge en de súdeastlike farrûte troch de grêft yn Ljouwert. In mearderheid fan 22 foar en 15 tsjin yn de gemeenteried joech moandei de opdracht dêrfoar oan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders.

B. en w. hawwe earder de helberens fan it plan tsjin it ljocht hâlden en advisearre de ried om it plan net troch te setten, om't der gjin jild foar is. Dochs set de gemeenteried, ynklusyf kolleezjepartijen PvdA en Grien Links, de plannen troch.

Wethâlder Thea Koster is benaud dat der ferwachtingen wekt wurde dy't net wier te meitsjen binne, mar neffens PvdA-riedslid Klaas Zwart is der no dúdlik by sein dat it meitsjen fan in plan noch net betsjut dat it ek útfierd wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)