Jong Hearrenfean slút seizoen winnend ôf

09 maaie 2016 - 21:57

De fuotballers fan Jong Hearrenfean hawwe moandeitejûn it seizoen ôfsluten mei in 3-2 oerwinning op ADO Den Haag. Dat betsjut dat de Feansters it hiele seizoen gjin wedstriid ferlern hawwe. Se einigje sa as earste yn de reservekompetysje. In moaie prestaasje, seit teammanager Piet van Dijk.

De doelpunten foelen benammen yn de twadde helte. By rêst stie ADO noch op in foarsprong fan 1-0. Mar mei doelpunten fan Rannick Schoop, Jizz Hornkamp en Armano Leilis makke Hearrenfean dien wurk. "In terjochte oerwinning", neffens Van Dijk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)