Lichem yn Ie by Wyns is fan fermiste frou (68)

09 maaie 2016 - 21:43

It lichem dat ôfrûne wykein yn it wetter fan de Ie by Wyns fûn is, is fan in fermiste frou út Ljouwert. Dat hat de plysje moandeitejûn op Twitter bekend makke.

De 68-jierrige frou waard sûnt ein april fermist. Hoe't se yn it wetter telâne kaam is, is noch net bekend. Dat wurdt noch ûndersocht. Nei de fermissing hat de plysje in oprop op Boargernet dien om har te finen. Dat hat neat opsmiten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)