Siler Postma stiet no op fjirde plak WK Finnklasse

09 maaie 2016 - 21:34
  • Pieter-Jan Postma (argyffoto)

Siler Pieter-Jan Postma fan Terkaple stiet nei twa dagen en trije wedstriden op it fjirde plak yn it algemien klassemint om it WK Finnklasse. Yn it Italiaanske Gaeta waard moandei mar ien kear syld omdat der te min wyn stie. Postma kaam as tsiende oer de streek. It wrâldkampioenskip duorret noch oant en mei freed.

It waaide net hurd, dat it wie oanpielen, sei Postma nei ôfrin. "Het was wederom de kunst om heel rustig te blijven. En dan toehappen en ook echt de winst nemen."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)