Jelmer Albada stekt asperzjes yn Gaasterlân

09 maaie 2016 - 21:18

Yn Gaasterlân wurde 'Gaast'sperges' kweekt: asperzjes út Gaasterlân. Teler Jelmer Albada bout se biologysk foar winkels en hoareka yn de buert. Hy is de tredde asperzjekweker fan Fryslân en de earste fan Gaasterlân. Under de namme Gaast'sperges gean de wite asperzjes de merk op. Der wurdt wakker rispe en de earste kratsjes stean al oan de dyk te keap.

Asperzjeplanten hawwe sângrûn nedich. Op guon hege plakken yn Gaasterlân is dy te finen. De Gaast'sperges binne in sertifisearre streekprodukt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)