Huitema: "Oerheid moat boer mear fleksibiliteit gunne"

'Oerheid en polityk moatte de boer mear fleksibiliteit gunne'. Dat seit Jan Huitema, Europarlemintariër foar de VVD en sels ek boer. Hy wie moandei te gast op in kongres fan de Europeeske assosjaasje fan feemerken yn Ljouwert.
Boeren yn hiel Europa litte hieltyd mear krityske lûden hearre oer 'Brussel'. Ut alle lannen wei krije Europeeske politisy de skuld fan eins alles wat der yn de agraryske wrâld oan problemen is. Huitema fynt dat de polityk minder strang wêze moat. Lit boeren sels ferantwurdlik wêze foar it wolwêzen fan it fee.