Mistalarm: dêr't reek is, is yn dit gefal gjin fjoer

09 maaie 2016 - 20:11
  • De winkel wie potticht fan reek

De brânwacht yn Ljouwert is moandeitejûn útriden foar in mistalarm yn in winkel. De kleansaak oan it Ruterskertier stie fol reek. Dat hiene minsken sjoen dy't dêrnei it alarmnûmer belle hiene.

Nei in koarte ynspeksje konstatearre de brânwacht dat der gjin brân wie. Bliken die dat it mistalarm ôfgien wie. Dat soarge derfoar dat de winkel fol reek kaam te stean mei as doel dieven te ferjeien. Fan ynbrekkerij wie yn dit gefal gjin sprake. De eigener fan de winkel is warskôge, sadat hy de doarren iepensette koe om de reek te ferdriuwen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)