UPDATE: Fêstrûne sleepboat by Skylge wer flot lutsen

09 maaie 2016 - 22:10

De fêstrûne antike sleepboat de Holland is moandeitejûn tsjin tsien oere wer flot lutsen. It skip wie ûnderweis fan Hamburg nei thúshaven Harns mei santjin bemanningsleden oan board doe't it westlik fan Skylge op in sânbank stykjen bleau.

Sleepboat Hunter fan in Skylger bergingsbedriuw hat de Holland stadichoan wer loslutsen. Sleephelp wie hast net nedich, seit Charlotte de Vries, dy't oan board is. "Troch de streaming wie in protte sân ûnder it skip wei fuortspield. En wy hawwe ek wetter loasd. Dan leit it skip wat heger."

"Minsken oan board bleaunen rêstich, seit frou De Vries. "Elkenien wit wol dat jo net seure moatte." Om tolve oere fannacht hinne sil de Holland yn Harns oankomme. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)