Proef mei hûnestrân op diel strân De Lemmer

09 maaie 2016 - 15:17
  • Dit hoekje strân giet it om
  • It ferbodsboerd is noch net fuorthelle

Hûnen meie tenei op in diel fan it strân fan De Lemmer it wetter yn. De gemeente De Fryske Marren hat op proef in stik strân oan de westkant ôfbeakene dêr't hûnen fan 1 maaie oant 1 oktober swimme kinne. Dat wie oant no ta net tastien. Hûnen mochten net op it strân komme.

De ûndernimmersferiening Lemmer en de VVV Friese Meren-Gaasterland hiene de gemeente frege om de regels oan te passen. De gemeente wol mei de proef sjen wat de gefolgen binne as hûnen tenei wol it wetter yn meie. De wetterkwaliteit sil geregeld kontrolearre wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)