Cees Bijl nije PvdA-deputearre yn Drinte

Bijl wurdt foarsteld as de nije PvdA-deputearre yn Drinte © RTV Drenthe, Margriet Benak
Ald-boargemaster Cees Bijl (60) fan Ljouwerteradiel wurdt yn Drinte deputearre foar de Partij van de Arbeid. Dat meldt RTV Drenthe. Bijl is de opfolger fan Ard van der Tuuk, dy't yn april ûnferwachte fuortstjoerd waard. Van der Tuuk krige it ferwyt dat der de beslútfoarming yn it kolleezje fan Deputearre Steaten fertraagje soe. It fuortstjoeren fan Van der Tuuk soargje foar in soad rebûlje by de Drintske PvdA.
Bijl is sûnt 2001 boargemaster fan Emmen. Dy baan jout er no op om deputearre te wurden.