Tolve oanbiedings foar flechtlinge-opfang Achtkarspelen

Achtkarspelen hat tolve oanbiedings krigen fan stikken grûn dêr't in opfang foar 300 oant 350 flechtlingen komme kin. It giet om partikulieren dy't grûn oanbiede. Dy moat wol oan easken foldwaan. It terrein moat 2,5 oant 3 hektare grut wêze en tsjin de bebouwing oan lizze. De grûn moat boppedat foar 5 oant 10 jier te hier wêze foar in skaplike priis.
De opfang moat derneist omboud wurde kinne ta asylsikerssintrum. De gemeente en it COA sille de kommende wiken brûke om de stikken grûn te beoardieljen.
As net ien fan de tolve oanbeane lokaasjes oan de easken fan de gemeente foldocht, wurket Achtkarspelen it plan foar opfang op De Swadde yn Bûtenpost fierder út.