Ferrassingsbesite CNV oan Ljouwerter Bastionhotel

It fakbûn CNV hat moandeitemoarn in ferrassingsbesite brocht oan it Bastionhotel yn Ljouwert. It fakbûn wol mei de besite meiwurkers dy't yn it hotel skjinmeitsje stypje. Dat dienen se mei ynformaasje oer harren rjochten. Ek kinne meiwurkers by it CNV harren lean kontrolearje litte.
Neffens CNV Vakmensen soene meiwurkers fan de Bastion-hotels net in oerelean krije mar in bedrach foar eltse keamer. "En dat is in strijd met de wet", sa seit it CNV. Njonken de fêstiging yn Ljouwert binne ek 28 oare lokaasjes 'ferrast' mei in besite.