Plysje pakt twa minderjierrige fytsedieven op

09 maaie 2016 - 09:57

Twa 17-jierrige fytsedieven út Grins en Smellingerlân binne sneintejûn yn Ljouwert oanhâlden. It duo hie de fyts op It Hearrenfean stellen en meinaam nei Ljouwert. Mei de ferkeap fan de fyts woene se in treinkaartsje nei Grins betelje.

De man oan wa't de fyts te keap oanbean waard, fertroude de saak net en alarmeare de plysje. Dy hie it duo mei tank oan it sinjalemint gau te pakken op it Ljouwerter Stasjonsplein. De fertochten sitte fêst op fertinking fan stellerij en heling fan de fyts. De plysje ûndersiket de saak.

Trefwurden: 
fytsedief stellerij
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)