Ljouwerter plysje hâldt twa strjitrôvers fan 14 en 15 oan

09 maaie 2016 - 09:40
  • Plysje oanhâlding

De plysje yn Ljouwert hat moandeitemoarn twa jonge strjitrôvers oanhâlden. De jonges fan 14 en 15 jier út Smellingerlân en Súdwest-Fryslân hiene in Ljouwerter (17) berôve en mishannele. Dat barde op de hoeke fan de Beginestrjitte en de Nijesteech yn Ljouwert. In groep jongeren rekke dêr oan de praat mei it duo. Al gau fernaam de 17-jierrige dat syn beurs út de bûse helle wie en dat ien fan de dieven dizze by him sels yn de bûse die.

Doe't hy der wat fan sei, krige de Ljouwerter twa hurde klappen yn it gesicht.

Dêrnei naaiden de dieven út, mar se koene op de Wurdumerdyk oanhâlden wurde. Se sitte fêst foar fierder ûndersyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)