Kollum: Jild foar de soarch jildt foar de soarch

Nynke van der Zee fan Aldegea (Smellingerlân) is freelance-tekstskriuwer en ek wurket sy geregeld as buroredakteur op de redaksje fan Omrop Fryslân. Nynke skriuwt kollums sa’t sy sels is: nuchter, mar eins altyd mei in knypeach. Se is te folgjen op har webside www.nynketxt.nl.
"Jo wolle it miskien net leauwe, mar by de gemeente ha se jild oer. Ut ûndersyk die ferline wike bliken dat hast alle 390 Nederlânske gemeenten jild oer ha foar it útfieren fan de WMO-taken. De Wet Maatschappelijke Ondersteuning. Dêrby moatte we tinke oan taken as de thússoarch en deibesteging foar de âlderein, langduorjende soarch oan helpbehoevenden, jeugdsoarch en it kreëarjen fan arbeidsplakken foar handicapten. Mei oare wurden: de basis fan ús soarchstelsel.
En wat blykt no? Gemeenten ha it ôfrûne jier yn totaal 310 miljoen euro oerholden foar it útfieren fan dizze taken. Jild dat dus wol klear leit, mar net brûkt is. En dat is dochs eins nuver ast der oer neitinkst. Want sis no sels, wannear is de lêste kear dat in gemeente jild oerhold? Wannear stie der yn de krante: ‘Gemeentelijk bouwproject al weer goedkoper uitgevallen dan gedacht’. Nea. Ik kom nea krantekoppen tsjin oer bouprojekten, oanlis fan diken of ûnderhâld oan gemeentlike eigendommen dy’t goedkeaper útpakke as fan tefoaren ferwachte. Mar yn de soarch kin it blykber wol. En dat is gek.
Elkenien moat tsjintwurdich sa lang mooglik thús wenjen bliuwe, dat is nammentlik goed foar ús. Dat jildt foar âld mar ek foar jong. Lekker thús wenje yn it hûs en it doarp dêr'tst berne bist. Dat heart moai, mar dan kinst net sûnder goeie help. Ast sels net mear dûsje kinst, dan moat der ien komme dy't dy helpt. Ast sels net mear autoride kinst, dan moat der in taksy komme dy't dy rydt. En ast de hiele dei allinnich thús sitst, dan moat der immen wêze dy't dy meinimt nei de deibesteging. Ja dochs?
No, dêr ha se by de gemeente ris goed nei sjoen. Mei it oernimmen fan de WMO taken fan it ryk hawwe gemeenten sels in ynskatting makke fan wat âlderen mar ek jongeren nedich ha oan soarch en ûndersteuning. Mei saneamde keukentafelpetearen is der in ynventarisaasje makke oer wat der oan help komme moat. Omdat der fansels besunige wurde moat, is der strang yndisearre, sa't se dat sels sa polityk korrekt neame. Der is kritysk sjoen watfoar help strikt needsaaklik is en wat wol mei wat minder ta kin.
As foarbyld lêsde ik in ynterview mei in âldere frou dy’t twa kear yn de wike húshâldlike help krige. ‘In skat fan in frommeske’, sei se bliid, ‘dat efkes in slach by my troch it hûs docht.’ Hm, konkludearre de gemeente, ien kear yn de wike stofsûgjen is eins mear as genôch. Rats, streek der troch. En trije kear deis thússoarch? Bytsje oerdreaun, fûnen se by de gemeente. Mei twa kear deis kin it ek wol ta. Dan moat buorfrou tusken de middei mar efkes om 'e hoeke koekeloere.
Njonken strang yndisearjen waard der troch de gemeenten ek kritysk sjoen nei de leveransiers fan de soarchtsjinsten. No ja, net echt nei de leveransiers fansels, mar nei it kosteplaatsje. En mei sukses, want soarch kin altyd goedkeaper. It gefolch ha wy yntusken merke kinnen; thússoarchorganisaasjes dy’t fallyt gean of mei muoite de kop boppe wetter hâlde kinne, omdat se simpelwei soarch oanbiede tsjin sokke lege prizen dat it eins net útkin. Of taksybedriuw Klomp dy’t oer de kop giet omdat it simpelwei ûnmooglik is om foar sokke lege bedragen te riden. De gemeenten dogge de hannen ûnskuldich omheech: it is net ús skuld. Mar de minsken dy’t dizze soarch krije, binne ûndertusken wol moai de dupe.
Mei de hân op de knip is der troch de gemeenten skrast yn de WMO en no - tadaaa - is der jild oer. Jild dat klear leit foar de soarch, mar ik betwivelje oft it dêr úteinlik ek foar brûkt wurde sil. Want de gemeenten sitte der mei de kont boppe-op. Se ha gjin idee wat se no mei dy miljoenen dwaan sille, sa liket it wol.
Myn advys: gean nochris dat keukentafelpetear oan. En dan net allinnich mei de soarchkliïnten mar ek mei al dy thússoarchmeiwurkers, taksysjauffeurs en húshâldlike helpen. Ik bin der wis fan dat sy hiel goede ideeën ha wêr’t dy 310 miljoen euro foar brûkt wurde kin. Want jild foar de soarch jildt foar de soarch."