Drankrydster bedarret mei auto op railing Wergeaster brêge

09 maaie 2016 - 08:13
  • It rôze kaartsje is de man no kwyt

In drankrydster (24) út de gemeente Ljouwert is sneintejûn har rydbewiis kwytrekke nei't se in oanriding feroarsake op de Wergeasterdyk by Wergea. Troch de oanriding bedarre de auto op de railing fan de Wergeaster brêge en balansearre der op de râne. De frou wie sa dronken dat se ferskate kearen blaze moast, foar't it har slagge om dit goed te dwaan.

Se moat har meikoarten melde by de plysjerjochter en is ek oanmeld foar in kursus oer de gefolgen fan alkohol yn it ferkear.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)