Protestbyienkomst masinisten en kondukteurs by Arriva

It fakbûn foar masinisten en kondukteurs VVMC ropt de leden op foar in protestbyienkomst by it haadkantoar fan Arriva op It Hearrenfean, moandei om it middeisoere hinne. Neffens it fakbûn wurdt der al sûnt novimber 2015 praat oer in nije CAO. In bod fan de wurkjouwers is masaal fuortstimd. Neffens it fakbûn soe it om in foai gean.
It fakbûn wol dat Arriva in stap docht dy't liket op de CAO fan de NS. It fakbûn hat mear as 4000 leden. It is noch net dúdlik oft de byienkomst fan moandei fan ynfloed is op it ferrin fan it treinferkear.