Krisisopfang koste gemeente Kollumerlân 53.000 euro

09 maaie 2016 - 07:17

Yn elts gefal fiif Fryske gemeenten hawwe tûzenen euro's mear útjûn oan de krisisneedopfang as dat se fan it COA fergoede krigen ha. Dat meldt it Algemeen Dagblad op basis fan in ûndersyk fan Reporter Radio. Yn Fryslân bliuwt de gemeente Kollumerlân mei de measte kosten sitten.

De gemeente krige 160.000 euro foar de krisisneedopfang yn Kollum, mar dat is net genôch. Kollumerlân sjit der goed 53.000 euro by yn. Neffens boargemaster Bearn Bilker is de kâns dat de gemeente dat jildt noch werom krijt 'nihil'.

Neffens Bilker is de les dy't de Fryske gemeenten lûke dat je better gjin krisisneedopfang yn sporthallen of oare tydlike lokaasjes mear fersoargje kinne. De gemeenten sette no yn op oare foarmen fan opfang fan flechtlingen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)