Ljouwerter team drok mei opheljen earste JSF yn Kalifornië

09 maaie 2016 - 06:43

Op in ferneamd plak yn de loftfeartskiednis wurket in groep Ljouwerters op dit stuit oan de komst fan de JSF nei Ljouwert. It giet om Edwards Airforcebase yn Kalifornië yn de Feriene Steaten. 35 man, wêrûnder fjouwer piloaten, teste it tastel en wurkje oan taktiken as it giet om de ynset.

It giet om de groep dy't oer twa wiken de oerstek makket nei Ljouwert, om de F35, sa't it tastel offisjeel hjit, yn Fryslân te yntrodusearjen. It giet dan om de saneamde 'belevingsvluchten'.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)