Noarderljocht ôfrûne nacht te sjen by Swarte Haan

Oan de Fryske Waadkust wie sneintenacht it noarderljocht te sjen. Op guon mominten koe it poalljocht sels mei it bleate each waarnommen wurde. Dat je it noarderljocht fotografysk fêstlizze kinne bart wolris faker, mar mei it bleate each is it net faak te sjen, seker net yn maaie.
Anton Kappers makke yn de nacht fan snein op moandei byldmateriaal by Swarte Haan op It Bilt.