Finn-siler Postma stiet tredde nei earste dei WK

08 maaie 2016 - 21:15

Siler Pieter-Jan Postma fan Terkaple is snein goed fan start gong by it WK yn de Finn-klasse. De Europeesk kampioen kaam foar de Italiaanske kust yn Gaete as fjirde en as santjinde binnen. Dêrmei stiet er nei de earste dei op in tredde plak yn de tuskenstân, mei 21 punten. "Een mooi, solide begin van het WK", sa sei in tefreden Postma.

Deniss Karpak út Estlân giet nei de earste dei oan de lieding mei 4 punten en de Italiaan Giorgio Poggi stiet op it twadde plak mei 18 punten. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)