Badgasten fine seehûnepup op drok strân fan It Amelân

08 maaie 2016 - 19:26

Op memmedei is snein op It Amelân in seehûnepup fûn sûnder syn mem. De 'huiler' waard oantroffen troch badgasten op in drok strân. Steatsboskbehear hat it bistje ûndersocht en oerdroegen oan de Seehûnekresj Pieterburen. Omdat de pup noch wyt is, giet it neffens it opfangsintrum om in bistje dat te betiid berne is.

Neffens de Seehûnekresj is no it berteseizoen fan de seehûnen oanbrutsen. Minsken dy't memmeseehûnen mei harren jong sjogge, wurde oproppen ôfstân te hâlden.

Dat jildt ek as der allinnich in pup fûn wurdt, want de mem kin noch weromkomme. By twivel kinne minsken kontakt opnimme mei de Seehûnekresj.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)