SC Cambuur ferliest mei 2-0 lêste wedstriid yn earedifyzje

SC Cambuur hat sneintemiddei thús mei 2-0 ferlern fan Excelsior. Yn de fjirde minút wie it daliks raak mei in doelpunt foar de Rotterdammers troch Tom van Weert: 0-1. Cambuur kreëarre sa no en dan in kâns yn de earste helte, mar Excelsior wie gefaarliker. Nei giele kaarten foar Tom Hiariej fan Cambuur en Khalid Karami fan Excelsior bliuw de stân by rêst 0-1.
Ek yn de twadde helte wie Excelsior sterker. De Ljouwerter definsje koe net sa folle ynbringe en yn de 58e minút tikte ynfaller Kevin Vermeulen foar iepen goal de 2-0 yn.