Moaie waar makket in soad goed foar campinghâlders

08 maaie 2016 - 15:36

De twadde wike fan de maaiefakânsje hat in soad goedmakke foar de campinghâlders yn Fryslân. In protte gasten en prachtich waar soargen der foar dat de ûndernimmers it minne waar fan de wike dêrfoar ferjitte koene.

Ek op camping De Stjelp yn Aldegea Smellingerlân wie it de ôfrûne dagen drok. Eigener Aline de Jong seit dat de efterstân fan gasten út de earste fakânsjewike wer goedmakke is. 

Mei dit moaie waar wie ek foar it earst de saneamde glamourtinte beskikber foar gasten. Dat is in lúkse tinte mei alles derop en deroan, lykas in keuken, telefyzje en romme dûs. De tinte hat ek ferwaarming, mar dy hoegde mei de temperatueren fan de ôfrûne dagen net oan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)