Auto skept fytster yn Drachten, ien ferwûne

By it ûngelok rekke ien frou ferwûne © De Vries Media
In fytster is sneintemiddei oanriden op de Lauwers yn Drachten. Dit barde by de ferkearsljochten yn dy strjitte. Der is in ambulânse oanwêzich om de frou te behanneljen oan har ferwûnings. It is noch ûndúdlik hoe slim de ferwûnings fan de frou binne.
De plysje is te plak om ûndersyk te dwaan nei de oarsaak fan it ûngelok.