UPDATE: Deade fûn yn de Dokkumer Ie by Wyns

Yn de Dokkumer Ie is it lichem fan in persoan fûn. Dat meldt de plysje Noard-Nederlân. It lichem is sneintemoarn by Wyns yn it wetter oantroffen. De plysje kin noch net sizze oft it om in man of in frou giet, en oer wat der krekt bard is wurde ek noch gjin meidielingen dien.
It lichem is yn 'e rin fan de middei oerbrocht nei it mortuarium en wurdt dêr ûndersocht. Neffens de plysje binne der gjin oanwizingen foar in misdriuw.