Kollumerlân bliuwt mei hege kosten flechtlinge-opfang sitten

08 maaie 2016 - 11:26
  • Flechtlingen yn Kollum

Yn elts gefal fiif Fryske gemeenten hawwe tûzenen euro's mear útjûn oan de krisisneedopfang as dat se fan it COA krigen ha as fergoeding. Dat meldt it Algemeen Dagblad op basis fan in ûndersyk fan Reporter Radio.

Yn Fryslân bliuwt de gemeente Kollumerlân mei de measte kosten sitten. De gemeente krijt 160.000 euro foar de krisisneedopfang yn Kollum, mar dat is net genôch. Kollumerlân sjit der goed 53.000 euro by yn.

Ek Achtkarspelen (hast 38.000 euro oan nettokosten), Opsterlân (16.000 euro), Ljouwert (9.000 euro) en Frjentsjerteradiel (3.000 euro) liede ferlies troch de krisisneedopfang yn harren gemeente.

Jild oer troch de opfang

Neffens it ûndersyk hâldt Súdwest-Fryslân jild oer, sa'n 30.000 euro. Ek Harns makket in beskieden winst mei 500 euro. De gemeenten dy't krisisopfang oan flechtlingen oanbean ha, krigen 100 euro per flechtling. Gemiddeld kosten de flechtlingen de gemeenten lykwols sa'n 125 euro per persoan, aldus Reporter Radio.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)