FrieslandCampina helpt boeren oan dongfergister

In dongfergister © Omrop Fryslân, Simone Scheffer
FrieslandCampina wol tûzen melkfeehâlders helpe oan in monofergister wêrmei't se op de buorkerij dong omsette kinne yn elektrisiteit. Dat seit topman Roelof Joosten yn Trouw. It bedriuw docht dit om oan de klimaatdoelstelling te foldwaan en de CO2-útstjit werom te bringen. Troch de ynstallaasje moatte de boerebedriuwen enerzjyneutraal wurde en wurdt de útstjit fan broeikasgassen leger.
De direkteur fan FrieslandCampina ferwachtet yn juny in subsydzjeregeling te treffen mei minister Kamp fan ekonomyske saken. De dongfergisters moatte yn 2020 oplevere wurde.