Hurdfytser Tjallingii wol snein wer punten pakken yn Giro
Hurdfytser Maarten Tjallingii sil snein opnij besykje om punten te pakken foar it berchklassemint fan de Giro d'Italia. Tsjin de NOS sei de yn Ljouwert berne sporter sneon nei syn twadde plak dat hy dêrfoar no pas echt motivearre is.
Yn de twadde etappe fan de Giro fytste Tjallingii sneon yn de kopgroep, mar waard hy úteinlik twadde efter de Spanjaard Omar Fraille. ,,Balen, maar het motiveert me ook om morgen op mijn trainingsgrond opnieuw ten aanval te trekken." Tjallingii wennet no yn Arnhem en kent it parkoers fan dit wykein goed.
De Giro is ien fan de lêste koersen fan Tjallingii. Nei de Giro sil er allinnich noch it Nederlânsk kampioenskip fytse, dêrnei hâldt er der mei op. Hy wol dêrom graach nochris de blauwe berchtrui oan ha. Yn de Giro fan 2014 slagge him dat wol.