Fernijde Tolhúsbrêge offisjeel iepene

07 maaie 2016 - 20:40
  • De fernijde Tolhúsbrêge op De Jouwer

De fernijde Tolhúsbrêge op De Jouwer is sneon feestlik iepene. Wethâlder Durk Durksz fan de gemeente De Fryske Marren mocht de offisjele iepening dwaan, tegearre mei flyboarder Neptunus dy't út it wetter omheech skeat. 

De brêge is heger wurden en dêrtroch is it sintrum fan De Jouwer better tagonklik foar sloepen. Ek is der in oanlissteger makke dêr't boatsjefarders har elektryske sloep oplade kinne. De besteande passantehaven is oanpast en fernijd.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)