Kuorballers SCO pakke oerwinning op Oost Arnhem

Kuorbal © ANP XTRA
De kuorballers fan SCO pakten sneon yn de haadklasse in moaie 19-10 oerwinning op Oost Arnhem. De ploech fan trainer Aegle Frieswijk naam fan begjin ôf oan de lieding en liet de tsjinstanner net yn har spul komme. By de tee stie der 7-3 foarsprong op it boerd. Nei rêst rûnen de kuorballers út Aldeholtpea ienfâldich út nei in romme oerwinning.